Skûtsjesilen 2017 fan 26 augustus 2017 21:00

    De Emanuel fan skipper Merijn Olsthoorn is by it IFKS kampioen wurden yn de grutte A-klasse. Hy wûn de lêste wedstriid op De Lemmer. It wie lang ûnwis oft der wol syld wurde koe, omdat der gjin wyn stie. De oare klassen fan de IFKS koe dêrom sneon net mear sile. It wie foar de Emanuel de tredde dei-oerwinning dit jier, se wûnen juster ek op de Lemmer en moandei yn Starum. Twadde yn it klassemint waard Jaap Hofstee mei it Swarte Wief en tredde waard Jeroen de Vos mei de Eelkje 2.

    Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: www.omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.

    Skûtsjesilen

    Alle dagen in lange gearfetting fan de silerij. Mei de hichtepunten fan de wedstriid, reaksje fan de winnende skipper en alle klasseminten.
    (advertinsje)