Skûtsjesilen 2017 fan 25 augustus 2017 21:00

Emanuel fan skipper Merijn Olsthoorn hat freed de IFKS-silerij op it eigen thúswetter fan De Lemmer wûn. Twad waard Jeroen de Vos mei Eelkje II en tred waard It Doarp Eastermar fan Geale Tadema. It is de twadde oerwinning foar de Emanuel dy't moandei yn Starum ek as earste oer de finish kaam.

Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: www.omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.

Skûtsjesilen 2017

Alle dagen in lange gearfetting fan de silerij. Mei de hichtepunten fan de wedstriid, reaksje fan de winnende skipper en alle klasseminten. Alle dagen om 21.00 oere.
(advertinsje)