Skûtsjesilen 2017 fan 24 augustus 2017 21:00

It Jorwerter skûtsje Grutte Pier mei skipper Lucas Bouma is tongersdei als earste einige by it IFKS skûtsjesilen op de Tsjûkemar by Ychtenbrêge. As twadde kaam de Lytse Lies fan skipper Tony Brundel oer de einstreek en It Doarp Eastermar mei skipper Geale Tadema finishte as tredde. 

Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: Omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.

Skûtsjesilen 2017

Alle dagen in lange gearfetting fan de silerij. Mei de hichtepunten fan de wedstriid, reaksje fan de winnende skipper en alle klasseminten. Alle dagen om 21.00 oere.
(advertinsje)