Skûtsjesilen 2017 fan 23 augustus 2017 21:00

    Skipper Jaap Hofstee fan De Tynje hat woansdeitemiddei it IFKS skûtsjesilen op it wetter by Sleat wûn. Mei it skûtsje It Swarte Wief pakte skipper Hofstee op oertsjûgjende wize yn de slotfaze de dei-oerwinning. It twadde plak wie foar it skûtsje de Wylde Wytse fan skipper Sikke Heerschop. Dêrnei kaam Emanuel oer de finisj, ûnder lieding fan skipper Merijn Olsthoorn.

    Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: Omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.

    Skûtsjesilen

    Alle dagen in lange gearfetting fan de silerij. Mei de hichtepunten fan de wedstriid, reaksje fan de winnende skipper en alle klasseminten.
    (advertinsje)