Skûtsjesilen 2017 fan 21 augustus 2017 21:00

It skûtsje Emanuel fan skipper Merijn Olsthoorn fan De Lemmer hat moandei it IFKS skûtsjesilen op de Iselmar by Starum wûn. De Emanuel naam fuortendaliks de kop en stie dy net mear ôf. Debuterend skûtsje Ora et Labora fan Sietse Broersma fan Heech kaam as twadde oer de finish en op it tredde plak einige flak dêrnei Lytse Lies fan skipper Ton Brundel fan De Gaastmar. 

Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: Omropfryslan.nl/skutsjesilen.

Skûtsjesilen

Alle dagen in lange gearfetting fan de silerij. Mei de hichtepunten fan de wedstriid, reaksje fan de winnende skipper en alle klasseminten.
(advertinsje)