Skûtsjesilen 2017 fan 18 augustus 2017 21:00

    It skûtsje fan Grou is kampioen wurden fan de SKS. Akkrum kaam yn de slotwedstriid by Snits as earste oer de finish, mar stie yn it klassemint sa fier achter dat se de Grousters net mear bedriigje koenen. Snits en Earnewâld striden fûl om de twadde plak. Dat wûn Earnewâld. Snits waard tredde. Grou fjirde. Dat wie genôch foar it kampioenskip.

    Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: Omropfryslan.nl/skutsjesilen.

    Skûtsjesilen

    Alle dagen in lange gearfetting fan de silerij. Mei de hichtepunten fan de wedstriid, reaksje fan de winnende skipper en alle klasseminten.
    (advertinsje)