Skûtsjesilen 2017 fan 14 augustus 2017 21:00

    Snits hat moandei it skûtsjesilen by Wâldsein wûn. Nei de winst yn Terherne en yn Ealahuzen is it de tredde oerwinning foar De Sneker Pan mei skipper Douwe Visser. Wâldsein mei skipper Teake Klaas van der Meulen kaam op eigen wetter as twadde oer de finish. Op it tredde plak einige de Heale Moanne út Drachten mei skipper Klaas Westerdijk. 

    Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: Omropfryslan.nl/skutsjesilen.

    Skûtsjesilen

    Alle dagen in lange gearfetting fan de silerij. Mei de hichtepunten fan de wedstriid, reaksje fan de winnende skipper en alle klasseminten.
    (advertinsje)