Skûtsjesilen 2017 fan 11 augustus 2017 21:00

De Sneker Pan fan Snits hat freedtemiddei it skûtsjesilen op it wetter by Ealahuzen wûn. It skûtsje fan skipper Douwe Visser fan Snits wie de bêste by de sechde wedstriid fan it SKS-kampioenskip. Op it twadde plak einige Wâldsein, mei skipper Teake Klaas van der Meulen. Johannes Meeter fan Huzum wie mei it skûtsje It Doarp Huzum freed goed foar it tredde plak.

Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: Omropfryslan.nl/skutsjesilen.

Skûtsjesilen 2017

Alle dagen in lange gearfetting fan de silerij. Mei de hichtepunten fan de wedstriid, reaksje fan de winnende skipper en alle klasseminten. Alle dagen om 21.00 oere.
(advertinsje)