Skûtsjekafee fan 3 augustus 2017 18:00

Tusken 18.00 en 19.00 oere wurdt Hotel Oostergoo yn Grou ombout ta Skûtsje Kafee fan de SKS. De presintaasje leit yn hannen fan Gjalt de Jong en Geartsje de Vries en is folslein te folgjen op de radio by Omrop Fryslân. Fêst elemint by alle kafees is de kampioen fan 25 jier lyn. By de SKS hawwe wy it dan oer Tjitte Brouwer. En dat is jawis, de omke fan Sytze Brouwer, de nije skipper op it skûtsje fan Hearrenfean. De hiele famylje Brouwer skoot dêrom oan yn it earste Skûtsjekafee.

De kollum is fan Tjalling van der Goot, muzyk is der fan Jelle B en publyk is wolkom!

Skûtsjekafee

Foarút sjen op it SKS en IFKS skûtsjesilen.
(advertinsje)