Skûtsjekafee fan 18 augustus 2017 18:00

Fansels is der ek in Skûtsjekafee oer de IFKS. Op freed 18 augustus is der in foarbeskôging op de wedstriden fan de IFKS live út Café Restaurant de Hinde yn Hylpen wei. Wy sjogge werom op it kampioenskip fan 25 jier lyn, dat dogge wy mei de kampioen fan doe Age Bandstra. Ek skiedsrjochter Jos Spijkerman skoot oan. Mar net alles fynt yn it kafee plak. Ferslachjouwer Andor Faber sjocht op lokaasje, dêr’t it IFKS bestjoer mei de kampioen fan 2016 oan it iten is.

De kollum is fan Wietse de Haan, muzyk is der fan Alisa Stekelenburg (de skipper fan it frouljusskûtsje yn de IFKS) en publyk is wolkom!

Skûtsjekafee

Foarút sjen op it SKS en IFKS skûtsjesilen.
(advertinsje)