Skûtsje Kafee: IFKS fan freed 17 augustus 2018

It restaurant De Hinde yn Hylpen wie freedtejûn 17 augustus omtsjoend ta it Skûtsje Kafee. Yn it Skûtsje Kafee waard foarútsjoen op it IFKS-kampioenskip, dat sneon yn Hylpen fan start giet. Under oare foarsitter Sicko Heldoorn wie te gast, mar oare bekende gesichten en nijkommers. De muzyk wie fan Johannes Rypma en Hille.

Fan 02.23 ôf: In tefreden foarsitter Sicko Heldoorn. It giet goed mei de IFKS, se ha de saak goed op de rit. It giet ek oer it silen op snein, in revolúsje yn de sylwrâld.

Fan 13.35 ôf: Fonger Talsma, ferline jier kampioen fan de B-klasse. Dit jier debutearret er yn de grutte A-klasse.

Fan 16.58 ôf: Nijkommer Daan van der Meer en senior Tony Brundel, dy't al seis kear kampioen wurden is.

Fan 31.27 ôf: Gerrit Huisman, ferline jier kampioen yn de C-klasse.

Fan 34.36 ôf: In kollum fan Sjoukje Tadema, bemanningslid fan it Eastermarder skûtsje.

Fan 47.58 ôf: Pieter Jilles Tjoelker, ferline jier kampioen yn de lytse A-klasse. Mar hy giet dit jier as topfavoryt de C-klasse yn. En Merijn Olsthoorn, dy't ferline jier as skipper fan de Emanuel kampioen waard yn de grutte A-klasse.

Fan 51.59 ôf: Wytse Heerschop, de earste skipper út Dubai. Hy is dy kant op emigrearre.

SportCast

Is sport de wichtichste bysaak fan it libben? Dizze SportCast is foar eltsenien dy't dat fynt. Us sportferslachjouwers prate yn de podcast oer de ferrjochtingen fan Fryske sporters.
(advertinsje)