Skûtsje Kafee fan 26 july 2019 18:00

    De jûn foar't it skûtsjesilen losbarst sjogge we foarút mei skippers en bemanningsleden út de SKS en IFKS yn it Skûtsje Kafee.
    Te gast binne ûnder oaren de kampioenen fan 2018: Douwe Visser fan Grou en Geale Tadema fan Eastermar. Beide ha deselde adviseur oan board: Tammo Oosterhof, ek hy skood oan.

    Mei Jeroen de Vos en Gerhard Pietersma ha we it oer 'pike op it goeie momint' en ek de jongere generaasje is fertsjintwurdige: Arjen de Jong, Pieter Jilles Tjoelker en Steven Sijsling komme ek del.
    We sitte op de Domani, it folchskip fan it skûtsje fan Drachten. Jeroen Pietersma en syn bemanning ha lang oan it skûtsje wurke wêr troch de tarieding op it seizoen koarter west hat as oare jierren.

    Muzyk is der fan de Bountyhunters. Presintaasje: Afke Boven en Geartsje de Vries.

    Sjoch foar mear ynformaasje oer it Skûtsjesilen op: https://www.omropfryslan.nl/skutsjesilen

    Skûtsje Kafee

    De jûn foar't it skûtsjesilen losbarst sjogge we foarút mei skippers en bemanningsleden út de SKS en IFKS yn it Skûtsje Kafee.
    (advertinsje)