Skriuwster Fleur van der Bij siket de man dy't har suske dearied

Op 22 oktober 1996 ferûngelokket Ylse van der Bij op de Haudmare, in smel dykje bûten Tsjalbert. Se is 12 jier wurden. Har âldere suske, Fleur, wie doe 15. No, 22 jier letter, hat Fleur in boek skreaun: "Verkeersslachtoffer 22/10" mei de ûndertitel "op zoek naar de man die mijn zusje doodreed". It ûnferwurke trauma fan 22 jier lyn hat grutte ympekt hân op it libben fan Fleur. Se ûntwikkele in psychyske stoarnis en kaam yn in djip gat. Troch te skriuwen is se der boppeop kommen. Har earste boek - de Nijl in mij - ferskynde foarich jier jannewaris en no leit har twadde boek yn de boekwinkels.

Buro de Vries stapte yn de auto en ried mei Fleur van der Bij nei de Haudmare, dêr 't dat needlottige ûngelok 22 jier lyn plak fûn.

Buro de Vries (Podcast)

In bysûnder ferhaal, in moai petear of in goeie syktocht. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.
(advertinsje)