Simmer yn Fryslân fan 22 augustus 2014 13:00

Dit jier net allinne yn de trije skûtsjesylwiken, mar de hiele simmer lang hawwe wy op Omrop Fryslân Radio it radioprogramma Simmer yn Fryslân. Fan 13:00 oant 18:00 oere komt it programma út de radiostudio yn Ljouwert wei mei rom omtinken foar alles dat der yn ús provinsje te dwaan is. Mei ûnder oaren de presintaasjeduo’s Jan Durk de Haan en Femke de Walle en Simone Scheffer mei Tiete Sijens.

Op dizze lêste freedtemiddei stiet de útstjoering ûnder oare yn it teken fan de Ice Bucket Challenge op it parkearterrein fan de omrop, dêr't inkelde tsientallen omroppers oan meidogge.

De ice bucket challenge live op de radio....

Roel van Velzen op it Glemmer Beach Festival

Share this page on:

Simmer yn Fryslân

Simmer yn Fryslân mei de hiele dei op radio en tv de PC yn Frjentsjer en de Freule yn Wommels.
(advertinsje)