Sido Martens skriuwt in boek oer syn jeugd

De earste jierren fan je libben kinne je meitsje of brekke. Hoe is it om yn in gesin op te groeien dat ôfstanlik is, dêr't de mem samar ferdwynt en heit de drank net stean litte kin. Sido Martens skreau it boek De Weemoeder. De muzikant en skriuwer is 71 en skreau pas de ôfrûne tiid syn jeugd en de gefolgen derfan fan him ôf.

Simone Scheffer gie mei him werom nei de Sumatrastraat yn Ljouwert. Under de reek fan it Cambuurstadion leit dit strjitsje dêr't Sido opgroeide. Foar it earst yn skoften stie hy wer foar nûmer 27. It hûs dêr't de oantinkens oan in net ideale jeugd lizze.Ek hearre we muzyk fan it nijste album fan Martens. It album stiet ek yn it teken fan syn jeugdferhaal De Weemoeder.

Buro de Vries (Podcast)

In bysûnder ferhaal, in moai petear of in goeie syktocht. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.
(Advertinsje)