SC Hearrenfean 100 jier #6: "Huntelaar kaam noch in fiskje iten, mar woe net weromkomme"

Sportklup Hearrenfean hat in lading oan superspitsen hân. Afonso Alves, Camataru, Dost, Van Nistelrooij, Huntelaar, Finnbogason en sa kinne we noch wol efkes trochgean. Mei eare-foarsitter Riemer van der Velde en âld-skout Bert Pijffers sjogge we werom en beprate we de bêsten. Se meitsje alle twa in top 4. Boppedat belje we mei âld-Hearrenfeanspiler Jon Dahl Tomasson. Hy spile fan 1994 oant 'e mei 1997 by Hearrenfean en is no trainer fan Malmö FF.

SportCast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat.
(advertinsje)