Samen voor de Voedselbank fan 15 desimber 2014 18:20

Yn Fryslân meitsje sa'n 6000 minsken gebrûk fan de Voedselbank. Sa ek de famylje Syswerda. Bart en Chantal Syswerda wenje mei har soantsje Dyon yn Ljouwert. Sûnt in jier binne se ôfhinklik fan de Voedselbank. Bart en Chantal gean der fan út dat se oer in pear jier út de skulden binne sadat se dan ek wer ôfskie nimme kinne fan de Voedselbank.

Diel dit berjocht op:

Samen voor de Voedselbank

Omrop Fryslân yn aksje foar de Voedselbank. By Omrop Fryslân is op tiisdei 11 novimber in grutskalige aksje foar de Voedselbank fan start gien. Oan ynwenners fan de provinsje, ferienings en klups wurdt frege de kommende wiken aksjes op tou te setten om hâldber itensguod yn te sammeljen en dat tusken 8 en 19 desimber nei Omrop Fryslân oan de Suderkrúswei yn Ljouwert te bringen. In grut tal supermerken wurket dy lêste twa wiken oan de aksje mei.
(advertinsje)