Romte fan 9 jannewaris 2018 18:45

    Yn Romte folgje we fiif inisjativen fan groepen minsken dy't har omjouwing moaier meitsje wolle. Yn de njoggende útstjoering binne we yn de Peinder Mieden. De famylje Sietsma wennet al 15 jier yn dit gebiet, yn alle frijheid. En sy binne net gelokkich mei de bouplannen.

    Yn Snits is de buerttún de Groene Flach hast klear. Tiid foar it bestjoer om mei de gemeente de tún te besjen en te bepraten wat se yn it hiele trajekt leard ha, sawol de gemeente as it bestjoer fan de Groene Flach.

    En by it wurk oan de parkbosken fan Aldeberkeap wurdt in bysûndere fynst dien.

    Romte

    Yn Romte folgje we boargers dy't sels mei harren omjouwing oan de slach gean. Yn guon gefallen idealisten dy't de wrâld in bytsje moaier meitsje wolle.
    (advertinsje)