Romte fan 6 febrewaris 2018 18:45

Ald-Oeroldirekteur Joop Mulder giet op ûndersyk út om te sjen of er âlde terpgrûn krije kin foar de Terp fan de Takomst boppe Blije. In soad terpgrûn is nei ôfgravingen nei boeren ferfierd, dy’t de fruchtbere ierde brûkten om lânbougrûn te ferrykjen. Yn Koudum wurdt ûndersocht oft der ek eksplosiven út de Twadde Wrâldoarloch yn it bouperseel fan de nije Finke lizze. Yn 1942 is yn de buert fan dat plak in Ingelske bommewerper delstoarten. Koudumer Jaap van der Veer wit dat noch as wie it juster.

Share this page on:

Romte

Yn Romte folgje we boargers dy't sels mei harren omjouwing oan de slach gean. Yn guon gefallen idealisten dy't de wrâld in bytsje moaier meitsje wolle.
(advertinsje)