Romte fan 28 novimber 2017 18:45

    We komme hjoed yn ’e kunde mei it projekt yn Koudum. It fersoargingshûs De Finke sil ferboud wurde en de tún wurdt in projekt foar it doarp.

    De ûntwerper fan De Terp fan de Takomst yn Blije nimt syn húshâlding mei nei it Fryske doarp om dêr de simmerfakânsje troch te bringen. Om sa noch better yn ‘e kunde te kommen mei de omjouwing en de bewenners.

    En de takomstige bewenners fan De Peinder Mieden binne manmachtich by de riedsgearkomste dêr’t it bestimmingsplan behannele wurdt.

    Romte

    Yn Romte folgje we boargers dy't sels mei harren omjouwing oan de slach gean. Yn guon gefallen idealisten dy't de wrâld in bytsje moaier meitsje wolle.
    (advertinsje)