Romte fan 27 febrewaris 2018 18:45

    Yn de lêste ôflevering fan dizze searje Romte sjogge werom mei de inisjatyfnimmers fan de fiif projekten. Wat is der berikt yn Blije, de Peinder Mieden, Aldeberkeap, Koudum en Snits? Wêr rinne je as boarger tsjinoan at je in dream hawwe dy't je realisearje wolle? En hoe reagearret de oerheid op aktive boargers dy't in projekt fan de grûn tille wolle? It binne de tema's dêr't de haadrolspilers yn de searje, Tjitske Andringa, Jentje Steegstra, Machiel Talsma, Gerald van den Berg, Wim Molenaar en Cees Poot mei ôfslute.

    Romte

    Yn Romte folgje we boargers dy't sels mei harren omjouwing oan de slach gean. Yn guon gefallen idealisten dy't de wrâld in bytsje moaier meitsje wolle.
    (advertinsje)