Romte fan 23 jannewaris 2018 18:45

    Piet Zonderland fertelt hoe't de befolking fan Koudum in sukses meitsje wol fan it nije tsjinstesintrum de Kas by âldereinsintrum de Finke yn it doarp. Ek sjogge wy by âld-Oeroldirekteur Joop Mulder dy't, mei syn Sense of Place, de Terp fan de Takomst by Blije adoptearre hat. Fieder kin der, no't it lêste beswier tsjin de komst fan de wenwyk ynlutsen is, definityf boud wurde yn ' De Peinder Mieden' .

    Romte

    Yn Romte folgje we boargers dy't sels mei harren omjouwing oan de slach gean. Yn guon gefallen idealisten dy't de wrâld in bytsje moaier meitsje wolle.
    (advertinsje)