Romte fan 21 novimber 2017 18:45

Foar Blije is de natuertoets de earste drompel dy’t nommen wurde moat foardat fierder wurke wurde kin oan de Terp fan de Takomst. Ekolooch Rudmer Zwerver docht ûndersyk yn it gebiet nei bysûndere planten en bisten.

Yn Snits is de buerttún hast klear. Der wurde mar leafst 30 fruitbeammen plante. En yn Aldeberkeap wurdt it keunstwurk ûntbleate en binne de mannen al wer drok dwaande mei nije plannen. Dizze winter wurdt it Molenbosk omfoarme ta park.

Romte

Yn Romte folgje we boargers dy't sels mei harren omjouwing oan de slach gean. Yn guon gefallen idealisten dy't de wrâld in bytsje moaier meitsje wolle.
(advertinsje)