Romte fan 19 desimber 2017 18:45

Yn dizze ôflevering fan Romte binne we wer yn Aldeberkeap. In groep frijwilligers is in pear jier lyn úteinset mei it opknappen fan de bosken dy’t om Aldeberkeap hinne lizze. Eins binne it gjin bosken, mar parkbosken, ûntwurpen troch de ferneamde arsjitekt Roodbaard. Dizze winter gean de mannen yn it Molenbosch oan ’e slach.

Yn Blije riedt it bestjoer fan Doarpsbelang him ta op it Wurkatelier. Foarearst kinne der noch gjin konkrete stappen nommen wurde foar De Terp fan de Takomst yn it bûtendyks lân.

En yn fersoargingshûs De Finke yn Koudum wurdt it plan foar de tún presintearre dêr’t de bewenners fan it doarp in wichtige rol yn hawwe.

Romte

Yn Romte folgje we boargers dy't sels mei harren omjouwing oan de slach gean. Yn guon gefallen idealisten dy't de wrâld in bytsje moaier meitsje wolle.
(advertinsje)