Romte fan 13 febrewaris 2018 18:45

    Yn Romte wurdt dizze wike de befolking fan Koudum útnûge om de nijbouplannen foar it soarchkompleks De Finke te besjen. Ek fertelt lânskipsarsjitekte Marieke van Zuiden hoe 't sy in tún ûntworpen hat. Dizze tún is sawol tagonklik foar de âlderen as handicapten fan De Finke en foar de minsken út it doarp. De inisjatyfnimmers fan de Terp foar de Takomst boppe Blije komme nei de iepening fan Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa 2918. Mei kroaden fol mei klaai freegje se omtinken foar harren plan foar in nije terp oan de Waadseekust.

    Romte

    Yn Romte folgje we boargers dy't sels mei harren omjouwing oan de slach gean. Yn guon gefallen idealisten dy't de wrâld in bytsje moaier meitsje wolle.
    (advertinsje)