Radio Froskepôle fan 9 maart 2017 00:00

Livemuzyk jûn fan it Drio Oerémis. It is de âlde bandnamme, dy't werom helle is troch de oerbleaune leden fan Douma en Douma & de Dokters. Yn novimber 2011 stoar Theo, ien fan de bruorren Douma, op jonge leeftiid oan yn slopende sykte. Uteindelik hawwe syn broer Wim, sjongeres Zwaanette Dijkstra en perkussionist Erie Dam besletten troch te setten mei de muzyk, dy't ek foar in grut part skreaun is troch Theo. Meikoarten op de poadia yn Fryslân, jûn in foaroriuwke yn Radio Froskepôle.

1. Weima & van der Werf - De moarn
2. Edwin Jongedijk - Hemingway's whiskey
3. Oerémis - Sliepe
4. Oerémis - Ferlern yn de tiid
5. Oerémis - It hynder
6. Oerémis - Roazen
7. Oerémis - Dagen
8. Daniël Lohues - Help het joe hopen
9. Tet Rozendal - Bern fan 'e Wâlden
10. Johnny Contant - De hokker
11. Doede Bleeker - Altyd utselfde
12. Twarres - Rûzjend yn 'e wyn
13. Alex Vissering - Zo vroug in de morn

Gurbe Douwstra

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
(advertinsje)