Radio Froskepôle fan 8 septimber 2015 18:00

SWALK is de sûnt foarich jier de opfolger fan de 'Moanne fan it Fryske Boek', dat eins de opfolger wie fan de Boekejûnen yn de Sutelaksje fan it Fryske Boek. SWALK is in rûnreizgjend literêr/muzikaal programma, brocht troch teatermakster Dette Glashouwer en sjonger/lietskriuwer Wiebe Kaspers. Alle jûnen komt der dan in gast by, meast in Fryske skriuwer. De earste SWALK is saterdei yn it Lânboumuseum yn Earnewâld en as foarpriuwke jûn muzyk fan Wiebe Kaspers. Njonken fansels de oare moaie streektaalmuzyk fan binnen en bûten de provinsje, dy't alle jûnen yn Radio Froskepôle te hearren is.

Share this page on:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
(advertinsje)