Radio Froskepôle fan 8 april 2015 18:00

In eksperimint jûn yn Radio Froskepôle. Der is wêr livemuzyk, mar diskear sil jim presintator dêr in grutte rôl yn spylje. Te gast is nammentlik de Ljouwerter folksjonger en muzikant Chris Kalsbeek. Chris hat tegearre mei Gurbe Douwstra, de presintator fan Radio Froskepôle, in lietsjesprogramma mei de titel FRIERSK, in kombinaasje fan Frysk en Iersk en dat is it ek. Ierske folklietsjes mei Fryske teksten en eigen Fryske lietsjes fan Gurbe yn de folky sfear. Sneintemiddei 12 april bringe sy dat programma yn de Rotondetsjerke fan Terbant en jûn litte sy der alfêst in foarpriuwke fan hearre.

18:08 - Oeremis - De Feteraan
18:40 - Ge Reinders & Piter Wilkens - Nederland (Studio-Fersy)
18:48 - Broeder Dieleman - Gloria
18:51 - Kratsje - Marko's Blues
18:55 - Inez Timmer & Combo John Eskes - Jeltingaleane
Diel dit berjocht op:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 18.00 oant 19.00 oere.
(advertinsje)