Radio Froskepôle fan 7 septimber 2015 18:00

'Toeval besjteet neet' is de titel fan de gloednije cd fan de Limburchske band Ivo Rosbeek en de Lotgenoten. Moai keazen, mar dochs hawwe de fjouwer manlju fan 'tafal' gebrûk makke om dit tema-album fol te skriuwen mei nije lietsjes. Sa waard troch alle fjouwer willeukeurich in greep yn de platekast en de boekekast dien en dat smiet ûnder oaren it liet 'H2O' op. Mar ek tafallich it lêste nijs op in nijswebsite op in folslein willekeurich momint yn 'e tiid foarme de ynspiraasje fan nije lieten. It smyt in nijsgjirrige cd op en dizze wike is der alle jûnen in lietsje fan te hearren.

Fierder muzyk fan ûnder oaren Piter Wilkens en Ella de Jongh, beide meikoarten live yn Radio Froskepôle.

En in regelrjocht primeurke. No ja, it liet wie tongersdei foar it earst te hearren op de radio, doe't de folkgroep Irolt in oere lang live spile hat yn dit programma. De groep giet op reünie-toer mei fansels in protte âlde lietsjes, mar ek ien nije: 'Ik wit it noch'.

Gurbe Douwstra

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
(advertinsje)