Radio Froskepôle fan 6 augustus 2015 18:00

De iepening fan Radio Froskepôle is jûn wer foar trije ridlik nije Fryske singels, yn dit gefal fan Marcel Smit, Griet Wiersma en Klaske Ferwerda.
Hjoed ek noch lietsjes fan de nije album-CD's 'Súderplein' fan Ljouwerter Sake Hijlkema en 'Allain' fan Grinzer Bob Heidema.
Op it Amelân, yn Nes, is moarn it jierlikse strjitfestival Rôggefeest mei in hiele rige oan groepen en artysten. Fansels fan it Amelân sels it duo Van Geeft 'M mar ek streektaalmuzyk fan de Limburchske band Aacht vur elluf. Fan beide is jûn wat te hearren.
En mei it wykein foar de doar in aginda en muzyk fan groepen en artysten dy't dit wykein live optrede sille yn Fryslân.

Share this page on:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
(advertinsje)