Radio Froskepôle fan 5 juny 2015 18:00

Der stiet in muzikaal fol wykein foar de doar mei festivals en optredens rûnom yn Fryslân. Sa is der moarn yn Drachten it strjitfestival Peijedei mei oanslutend de Jûn fan Peije. Op 'e Jouwer wurdt foar de earste kear it Pairc Pub fokfestival holden en yn de Wylp is it Meadow-festival. Snein is der dan in nije aktiviteit ûnder de namme Ring Om Leeuwarden en fansels it Trûbadoersfestival yn Sint Nyk. Boppedat is snein it ôfskiedskonsert fan de bluesband Healers en binne der mear nijsgjirrige konserten yn de provinsje. Dit krijt allegear muzikaal omtinken yn alwer de lêste Radio Froskepôle fan dizze wike.

Diel dit berjocht op:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 18.00 oant 19.00 oere.
(advertinsje)