Radio Froskepôle fan 5 july 2016 18:00

De simmerprogrammearring is no ek foar Radio Froskepôle úteinset. Dat betsjut de kommende wiken programma's, dy't yn it foar opnommen binne, mar wol op de gebrûklike tiden útstjoerd wurde. Dus troch de wike tusken 18.00 en 19.00 oere en in werhelling om middernacht, tusken 00.00 en 01.00 oere. De earste wiken binne it foaral opnames fan live-studiokonserten, dy't streektaalartysten de ôfrûne tiid fersoarge ha yn de studio fan Radio Froskepôle. Jûn binne dat de konserten fan Hein Jaap Hilarides en band en de Grinzer bluegrassband de Stroatklinkers.

1. Jilt - Dizze simmer is fan my
2. Joop Boxstart - De zommer is veurbi-j
3. Hein Jaap Hilarides - studiokonsert
4. De Stroatklinkers - studiokonsert
5. Swiet & Bjuster - Besleine ruten
6. Om 'e Noard - Nacht inne stad

Share this page on:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
(advertinsje)