Radio Froskepôle fan 4 maaie 2015 18:00

In bysûndere dei as 4 maaie, de dei fan de Deadebetinking, freget om in oanpaste útstjoering fan Radio Froskepôle. En dat bart dus ek. Hast non-stop, dus mei net tefolle praterij der tusken troch, hearre jimme lietsjes, dy't harkers fan it programma oandroegen ha by it tema: 4 en 5 maaie, oarloch, frede, befrijing en neam mar op. Muzyk fan ûnder oaren Bricquebec, Reboelje, de Kast, Eaglefield, Doede Veeman, Sido Martens en mear. En as ôfsluter in prachtich liet, songen troch Douwe Heeringa, út de yn it Frysk oersette Mauthausen-syklus fan de Griekse Mikis Theodorakis.

Share this page on:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
(advertinsje)