Radio Froskepôle fan 4 juny 2015 18:00

Yn de oanrin nei in tal festivals dit wykein yn Fryslân, jûn alwer live-muzyk yn Radio Froskepôle. Diskear is de Grinzer country- en bluegrassgroep de Stroatklinkers op besite. De band spilet saterdei op de fjirtichste edysje fan Peijedei, it strjitfestival yn Drachten. Boppedat bestiet de Stroatklinkers dit jier fiifentwintich jier en dat sil letter dit jier fierd wurde, ûnder oaren mei in dûbel-CD. De manlju sille der jûn alfêst wat fan hearre litte.
Fierder omtinken foar in nijsgjirrige Frysk-Grinzer-Noarddútske gearwurking tusken Linda Nijland, Bert Ridderbosch en Otto Groote. Ein juni bringe dizze trije artysten it lietsjesprogramma Noordballaden op de planken yn in plakje tichtby it Dútske Leer.

18:10 - Fjouwer Trubadoers - Dan Die Ik It Mei Dy (Live Nw April 2015)
18:14 - Bert Hadders En De Nozems - Leesmap
18:38 - Plat - Mien Poedie En Ik
18:47 - Otto Groote Ensemble - Over Dat Grone Land
18:50 - Tet Rozendal - Fjoerliet
Share this page on:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
(advertinsje)