Radio Froskepôle fan 30 juny 2015 18:00

    In regelrjocht primeurke jûn yn Radio Froskepôle, mar wol ientsje mei in lyts swart rântsje. It giet om de nije, mar fuortendaliks ek de lêste, singel fan de Band Sûnder Baan. It is ien fan de muzykprojekten fan Douwe van der Werff, ek wol bekend fan Diggelfjoer, Djipper en no fan Grytz & Grize. De band is in jier as seis ferlyn úteinset, doe't de krisis krekt útbrutsen wie, fandêr ek Band Sûnder Baan. Mar no't de krisis oer is, is der eins gjin needsaak mear foar dizze band, sa sizze de leden, en dus hâldt de band op te bestean. Mei fansels noch wol in lêste singeltsje mei twa lietsjes, dy't jimme hjoed en moarn hearre kinne.
    Fierder ek wer in liet fan de nije cd 'Blinder' fan Jan Nota, dy't kommendewei is. En omtinken foar in lietsje fan de cd 'Blixer Elixer' fan de Oeriselske band Bökkers. Der sit in Frysk tintsje oan it lietsje 'Nog iene da', want dêrop blaast it Broken Brass Ensemble mei en dat komt dochs foar in grut part út ús provinsje.

    18:09 - Van Wieren - Nim Dyn Tiid (Radio Fersy/Mp3)
    18:12 - Daniel Lohues - Prachtig Mooie Dag
    18:15 - Jan Nota - Iglo Op 'e Klaai
    18:20 - Marcel Smit - De Stjoerman
    18:24 - Bokkers - Nog Iene Da
    18:28 - Louwes Wilkens, Douwstra & Veeman - Libje Dyn Libben Goed
    18:32 - Band Sunder Baan - It Wurdt Allegear Minder
    18:40 - Skraal - Bunt En Blau
    18:44 - Bricquebec - Simmerleafde
    18:48 - Sytse Haima - Ferwunderje Dy
    18:51 - Fries Wolma - Zummertied
    18:54 - Inez Timmer - It Paad
    Gurbe Douwstra

    Radio Froskepôle

    Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
    Presintaasje: 
    Gurbe Douwstra
    (advertinsje)