Radio Froskepôle fan 29 maaie 2015 18:00

De Fjouwer Trûbadoers binne meikoarten wer ris live te sjen, it kwartet spilet op saterdei 6 juni op de Jûn fan Peije, it festival dat achter it strjitfestival Peijedei yn Drachten oankomt. Dêr wurde dan ek wer in tal nije lietsjes spile en ien dêrfan lieten de manlju in wike as wat ferlyn al live hearre yn it programma Noardewyn. Jûn nochris wer yn Radio Froskepôle.
Nijsgjirrich is ek in âld liet fan de folkgroep Irolt, dat meikoarten in hiele nije ynfolling krijt op it saneamde Sinnekear-konsert fan brassband de Bazuin fan Oentsjerk mei in tal Fryske artysten as solisten. Dat konsert wurdt letter yn juni holden yn de Teatertún yn Riis. Jûn is dat lietsje te hearren.
En der is fansels in aginda mei nijsgjirrige muzyktips foar dit wykein.

Diel dit berjocht op:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 18.00 oant 19.00 oere.
(advertinsje)