Radio Froskepôle fan 29 april 2015 18:00

It is bûten de provinsje, mar dêrom grif net minder nijsgjirrich; op 15 maaie giet yn Nieuw Buinen de muzikale teaterfoarstelling 'Iemandsland' yn premjêre. It stik sil dan oant begjin juni opfierd wurde yn de saffraanbollen-skuorre fan de famylje Schipper-Elberse yn it Drintske Nieuw Buinen. Net te missen, sa grut, ha ik begrepen. De muzyk fan dizze foarstelling is makke troch de Drintsk-Grinzer sjonger/lietskriuwer Bert Hadders en dy is jûn mei syn band de Nozems live te gast yn Radio Froskepôle. Fansels spilet Bert Hadders en de Nozems muzyk út 'Iemandsland'.
Fierder ek muzyk fan Jannie Brandsma, meikoarten ek live yn it programma, want sy sit tritich jier yn it fak en sil dat fiere mei in spesjaal konsert op 10 maaie.
En der is muzikaal omtinken foar de beurs en evenemint Friezen op de Planken, no saterdei yn it Haske op 'e Jouwer.

18:12 - Joop Boxstart - In De Fles
18:40 - Boh Foi Toch - Drieven
18:53 - Marcel Smit - Huntsje Minne
Share this page on:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 18.00 oant 19.00 oere.
(advertinsje)