Radio Froskepôle fan 28 septimber 2015 18:00

Jûn in stikmannich primeurkes yn Radio Froskepôle. Yn it foarste plak in lietsje fan in nije maksi-singel fan Irolt. De legendaryske Fryske folkgroep is freed uteinset mei harren reünietoer troch Fryslân en hat mei dêrom de singel 'Ik wit it noch' útbrocht. Mei yn alle gefallen ek wat gloednije opnames.
Fan 'oer de grins' krijt dizze wike de nije album-CD 'Evenwicht' fan de Drintske sjongeres Martijje wat ekstra omtinken. It album is juster presinteard yn it Drintske bluesmekka Grolloo.
Ek al fan oer de grins, yn dit gefal út it Westerkwartier yn de provinsje Grinslân, komt it mini-album 'Strunen met dij' fan it duo Piet Buist en Geert Zijlstra.
En út eigen regio in Fryske lietsje fan it Ljouwerter Jazzorkest Leoville.

Diel dit berjocht op:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 18.00 oant 19.00 oere.
(advertinsje)