Radio Froskepôle fan 27 maart 2015 18:00

Twa regelrjochte radio-primeurkes jûn yn Radio Froskepôle, beide wol fan oer de grins. Yn it foarste plak in nij singeltsje fan Bert Hadders en de Nozems. It komt út de muzikale foarstelling 'Iemandsland' , dy't fan mids maaie oant en mei begjin juni spile wurdt yn Nieuw Buinen, Drinthe. Bert Hadders is muzikaal lieder fan dizze produksje. Fierder ek as primeur it titelliet fan de debút-CD 'Mous' fan de Grinzer band Snikhait. Min of mear in studio-formaasje om Harbert Grezel hinne, dy't ek ferantwurdlik is foar de measte lietsjes fan Snithait.
Der is op freed fansels in wiidweidige aginda en oan guon fan de optredende artysten sil ek muzikaal omtinken jûn wurde.

Share this page on:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
(advertinsje)