Radio Froskepôle fan 26 maart 2015 18:00

Jûn yn Radio Froskepôle ûnder oaren omtinken foar trije Grinzer Troebadoers (Jan Henk de Groot, Alex Vissering en Edwin Jongedijk), dy fan 't hjerst wer mei syn trijen op 'n paad sille mei in nij lietsjesprogramma. Fan alle trijen draai ik jûn in solo-lietsje. Dêrnjonken ek omtinken foar de Fjouwer Fryske Trûbadoers (Piter Wilkens, Jaap Louwes, Doede Veeman en Gurbe Douwstra). Freed 3 april komme de manlju mei nei repertoire yn Noardewyn Live en in wike letter stiet it kwartet yn it Dielshûs yn Wommels.
Fierder ek noch wer ris in lietsje fan de eardere band Douma en Douma & de Dokters en muzyk fan Die Twa yn duet mei Tet Rozendal, de Drintske Margaretha Kleine, Hans Venneman út de Achterhoek en noch folle mear.

Share this page on:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 18.00 oant 19.00 oere.
(advertinsje)