Radio Froskepôle fan 24 septimber 2015 18:00

It echtpear Atte en Hilda Dijkema-Dijk fan Grou stiet al mear as sântjin jier op de poadia yn Fryslân. Under de namme Dûbeldyk sjonge sy geregeld op brulloften, feesten en by oare gelegenheden. Mar takom jier, nei ien april, is it oer, Dûbeldyk hâldt der mei op. Lykwols, jûn binne Atte en Hilda dochs noch in kear live yn Radio Froskepôle en sille in mini-húskeamerkonsert jaan. Dêrfoar hawwe sy keazen út de Fryske lietsjes út harren wiidweidige repertoire.
Fierder draai ik jûn ek noch in lietsje fan de cd 'Weerkommen' fan Peter Groot Kormelink. Dy is foaral bekend wurden mei Hollânsktalige bands as Splitsing en de Jazzpolitie, mar bliwut no tichter by hûs. Peter Groot Kormelink wennet dan wol yn de stêd Grins, hy komt fan de Achterhoek en hat in cd folskreaun mei moaie lietsjes yn syn memmetaal.

18:15 - Cochon Bleu - Cher Mom
18:41 - Peter Groot Kormelink - Vogelscheten
18:44 - Feetwarmers - Rooie Star
18:51 - Sido Martens - Koel Bloed
Diel dit berjocht op:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 18.00 oant 19.00 oere.
(advertinsje)