Radio Froskepôle fan 24 augustus 2015 18:00

Mar leafst twa live-acts jûn yn Radio Froskepôle. Yn it foarste plak kom de Burgummer trûbadoer Marcel Smit. Hy sil ankommende snein optrede mei syn muzykmaten Piter Wilkens en Gurbe Douwstra mei in middeisfoljend programma yn de Boerderij yn Terherne. Mooglik dat Marcel jûn ek wer in gloednij liet hearre litte sil.
Dan is te gast it eardere folkduo Ygdrassil, gjin streektaal mar nijsgjirrich genôch om omtinken oan te jaan. Linde Nijland en Annemarieke Coenders jowe nammentlik no saterdei in reüniekonsert mei Ygdrassil op it Noordfolk Festival yn Veenhuizen. Dat is foar it earst yn acht jier, neidat it duo yn 2007 der mei opholden. Wa wit is dit de start fan in nije karriêre foar Ygdrassil.
Fan oer de grins krijt dizze wike de cd 'Diezeg Laand' wat ekstra omtinken. In CD fol mei Grinzer fersy's fan bekende en minder bekende lietsjes út it jazzrepertoire. Dy wurde troch troch it trio Glas, Scheele en Lass en dat binne sjonger Jan Glas, pianist Addy Scheele en bassist Hans Lass.

18:12 - Linda Koolen - Enne
18:32 - Scheele Glas & Lass - Diezeg Laand
18:51 - Jan Nota - Ugli
18:54 - Tet Rozendal - Bern Fan 'e Walden
Diel dit berjocht op:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 18.00 oant 19.00 oere.
(advertinsje)