Radio Froskepôle fan 22 july 2016 18:00

Radio Froskepôle stiet dizze wiken yn in soarte fan simmerstân. Dat betsjut wat ôfwikende programma's mar mei fansels noch wol de streektaal sintraal. En útstjoerd op de gebrûklike tiden: troch de wike alle jûnen tusken 18.00 en 19.00 oere en yn de werhelling om middernacht, tusken 00.00 en 01.00 oere.

It programma Raido Froskepôle belibbe op tiisdei 21 juni l.l. de 2000ste ôflevering en dat waard fierd mei in twa oeren duorjend programma mei live-muzyk foar in studio fol mei publyk. Jûn hearre jimme nochris yntegraal de twadde oere fan dat jubileumprogramma mei live muzyk fan it Grinzer Harry Niehof Trio en Piter Wilkens mei begelieders mei lietsjes út it programma 'Libbene stiennen'.

Share this page on:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
(advertinsje)