Radio Froskepôle fan 22 april 2015 18:00

Wer in regelrjochte radio-primeur jûn yn Radio Froskepôle. It giet om it lietsje 'Els en Wim' fan it noch ridlik nije duo Mosken. Mosken bestiet út Bert Steeman en Sjoerd van Kammen, dy't trije jier ferlyn alris mei in celliste yn de finale fan LIET stienen. De beide manlju spylje ek yn de bands Brückenbauer en Garments. Mei Mosken binne Sjoerd en Bert op de Fryske toer en dat slagget prima. Immen hat harren muzyk alris omskreaun as 'sakrale folkmuzyk', oan jimme om te oardieljen of dat kloppet.
Jûn ek muzyk fan sjongeres Jitske Draijer fan it Heidenskip, in opname fan it liet 'De Ljurk' dat sy sjongt mei begelieding fan Fanfarekorps Studio fan it Heidenskip.
En der sit in oprop yn it programma. At jimme tips ha fan lietsjes oer 4 en 5 maaie, de oarloch, de befrijing en wat dêrmei gearhinget, fansels wol yn it Frysk of oare streektalen fan binnen en bûten de provinsje, dan kinne jimme dy tips maile nei froskepole@omropfryslan.nl. Doel is dizze lietsjes út te stjoeren yn de Radio Froskepôle-ôfleveringen fan 4 en 5 maaie.

Diel dit berjocht op:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 18.00 oant 19.00 oere.
(advertinsje)