Radio Froskepôle fan 18 septimber 2015 18:00

Yn de lêste ôflevering fan Radio Froskepôle fan dizze wike sit fansels in aginda mei nijsgjirrige konserttips fan streektaal-artysten dit wykein yn Fryslân. Boppedat hearre jimme muzyk fan guon artysten dy't ek live te sjen wêze sille.
De streektaalmuzyk fan bûten de provinsje komt ûnder oaren fan Normaal en harren ôfskieds-CD '40 Jaor Höken' en fierder fan de band JUUST út Genemuiden en Sijtse Scheeringa út it Grinzer Westerkwartier. Dat, oanfolle mei de moaiste muzyk yn it Frysk en de Fryske streektalen, makket wer in moai oerke Radio Froskepôle.

Diel dit berjocht op:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 18.00 oant 19.00 oere.
(advertinsje)