Radio Froskepôle fan 17 augustus 2015 18:00

    De sjonger en lietskriuwer Jan Nota sil jûn live optrede yn Radio Froskepôle. Jan presintearret ankommende snein syn debút-CD 'Blinder' en dat docht er yn de tee-tún en mini-camping De Nije Trije yn Penjum. Dat wurdt ek syn nije wurkplak, want hy sil de kamping runne, alteast simmerdeis tink ik dan. De presintaasje wurdt in evenemint, want njonken it spylje fan Jan Nota mei gastmuzikanten, komt ek noch Jack Bottleneck te spyljen, wurdt der in keunstwurk presintearre en sa noch wol wat mear.
    Fan 'oer de grins' krijt dizze wike in wat âldere solo-CD fan Bennie Jolink ekstra omtinken. 'Opa, vertel es' is de titel en dêrop stiet hiel wat oar repertoire as dat wy fan Bennie syn band Normaal wend binne. Mar yn dit gefal wol gewoan yn de Achterhoekse streektaal.

    18:08 - Irolt - It Wite Wiif
    18:12 - Bob Heidema - Schepen Zunder Zaail
    18:23 - Grytz & Grize - Tuike Oan (Cd)
    18:48 - Bennie Jolink - Littekens Blieft
    18:52 - Marcel Smit - Boufakkerssoan
    18:55 - Fokke Miedema - It Bankje Yn It Hof
    Gurbe Douwstra

    Radio Froskepôle

    Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
    Presintaasje: 
    Gurbe Douwstra
    (advertinsje)