Radio Froskepôle fan 17 april 2015 18:00

Twa primeurkes jûn yn alwer de lêste Radio Froskepôle fan dizze wike. HECHT is in nij Frysk duo fan twa manlju (Jan Haakma en Niels Bloembergen) dy tegearre yn de top-100 coverband Freeway spylje. As duo bringe sy oar repertoire, foar in part yn it Frysk. 'Speeltuin' fan Marco Borsato is oerset nei 'Boarterstún' en ik draai it jûn.
Ynslach is ien fan de bands dêr't Sipke de Boer fan Wytmarsum by belutsen is. In Frysktalige band, dy't stevige, mar wol maklik yn it gehoar lizzende pop-rock makket. Meastentiids fan de hân fan Sipke fansels, dy't in hege produksje hat as it giet om it skriuwen fan lieten.
Yn it programma hjoed ek ien fan myn persoanlike favorite lietsjes: 'As ge ooit' diskear útfierd troch Mich Walschaerts in Belgyske sjonger en kabarettier.
Oan de ein sit in aginda mei aardich wat útgeanstips foar dit wykein.

Share this page on:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 18.00 oant 19.00 oere.
(advertinsje)