Radio Froskepôle fan 16 septimber 2015 18:00

Jûn yn Radio Froskepôle dochs wol wat in bysûndere opname. Yn de tachtiger en njoggentiger jierren wie it dixieland-orkest de Leoville Jazzband út Ljouwert in begryp yn Fryslân. De spile foaral tradisjonele jazz en dixieland en dat wie dochs foaral ynstrumintale muzyk. Mar der waard ek wol songen by dy Leoville Jazz Band. Sa bestiet der in opname fan in hiele eigen dixieland-fersy fan de Fryske klassiker 'Us pake syn klok'. Fan ien fan de leden fan de band krige ik dy opname tastjoerd en jûn draai ik 'm foar jimme.
'Weerkommen' is it streektaal-debútalbum fan Peter Groot Kormelink, de man dy't foaral bekend waard mei bands as Splitsing en de Jazzpolitie. Peter Groot Kormelink komt fan oarsprong út de Achterhoek en hat no in album makke fol mei lietsjes yn syn eigen streektaal. Dat album 'Weerkommen' krijt takom wike ekstra omtinken yn Radio Froskepôle, mar jûn is al in foarpriuwke te hearren.

Diel dit berjocht op:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 18.00 oant 19.00 oere.
(advertinsje)