Radio Froskepôle fan 15 septimber 2015 18:00

    De Ljouwerter sjonger, lietskriuwer en muzikant Sake Hijlkema is jûn mei syn band live te gast yn Radio Froskepôle. Sake, dy't ek wol bekend is mei the Howdy Boys, of the Howdy's sa't dat trio no hyt, en fan syn berne-muzykprogramma's mei de Gang van Sake, is ek op oar muzykmêd serieus dwaande. Mei de band Sake makket hy streektaalmuzyk yn it Leeuwadders en syn nijste cd 'Suderplein' sil meikoarten offisjeel presintearre wurde. Jûn lit hy der live al in foarpriuwke fan hearre yn in soarte fan mini-húskeamerkonsert.
    Dizze wike krijt ek de jubileum- en tagelyk ôfskieds-CD '40 Joar Höken' fan Normaal wat ekstra omtinken. De Achterhoekse band mei dochs sjoen wurde as de grûnlizzers foar de populariteit fan de streektaalmuzyk. Normaal fynt it lykwols nei fjirtich jier wol moai west sa en is dwaande mei de lêste optredens. En in lêste cd-boks dus mei fjouwer cd's. Yndield yn kategoryen, country, rock 'n' roll, de band en a-capella. Allegear lietsjes dy't eartiids wol opnommen binne mar noch nea útbrocht binne. En dat smyt nijsgjirrich materiaal op.

    18:08 - Bigband Friesland - Langstme
    18:12 - Rowwen Heze Mei Nynke Laverman - Droemvlucht (Single Fersy)
    18:22 - Normaal - Marmer, Steen En Iezer
    18:49 - Sido Martens - De Partisaan
    18:53 - Ivo Rosbeek En De Lotgenoten - Hiemelsblauw
    Gurbe Douwstra

    Radio Froskepôle

    Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
    Presintaasje: 
    Gurbe Douwstra
    (advertinsje)