Radio Froskepôle fan 14 april 2017 18:00

It is hjoed AAIPOP-middei en jûn op Omrop Fryslân. Sawol yn NoardewynLive as ek yn dit programma Radio Froskepôle is der in protte omtinken foar AAIPOP, it grutste Frysk- en streekfrysktalige muzykfestival fan Fryslân. Ien fan de bands dy't dêr moandei spilet is de Eastereinder fanfare-popband Sebeare. Dy docht op AAIPOP in soarte fan reüniekonsert, hoewol't de band net echt der mei opholden is. Jûn in Radio Froskepôle in foarpriuwke yn de foarm fan in live studiokonsert.

Gurbe Douwstra

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
(advertinsje)